Wat kinst wurde mei de oplieding Leraar Fries?
Wêr meist lesjaan?
Do wurdst - ôfhinklik fan dyn útstreamprofyl - oplaat ta learaar fuortset ûnderwiis havo/vwo of ta dosint beropsûnderwiis (vmbo, mbo) en folwoeksene-edukaasje (foarhinne oantsjutten as twaddegraads). Dat betsjut datst nei it heljen fan dyn diploma lesjaan kinst oan:
- Ûnderbou havo en vwo
- It vmbo
- It mbo
Hoefolle kâns hast op in baan?
Dyn kânsen op in baan yn it ûnderwiis binne goed. Ut ûnderfining witte wy dat elke studint dy’t by ús Frysk studearre hat wurk krijt. Fraach en oanbod binne op de arbeidsmerk goed opinoar ôfstimd.
Dûbele kompetinsje
Wolst net ien, mar twa kompetinsjes helje? Dan kinst dizze oplieding kombinearje mei in oare twaddegraads learaaroplieding, Sa as bygelyks de oplieding Learaar Nederlânsk. Sa krigesto in dûbele kompetinsje en kinst yn twa fakken lesjaan.
Trochstudearje?
Om dy fierder te ferdjipjen yn dyn fakgebiet, hawwe wy:
- part-time Master Learaar Frysk
- part-time Master Learning & Innovation
- part-time Master Educational Leadership
- part-time Master Pedagogiek
Derneist hawwe wy in rom oanbod fan 66 post-hbo opliedings en kursussen op it gebiet fan ûnderwiis.