Stúdzjeopbou Learaar Frysk
Fleksibel en útdaagjend!
Dyn kompetinsjeûntwikkeling is dêrby altyd liedend. Yn de ôfstudearfaze hast kar út twa ferskillende ofstudearrjochtingen, nammentlik learaar algemien ûnderwiis (havo/vwû) en learaar beropsûnderwiis (vmbo/mbo).
In brede profesjonele basis
Der komt nochal wat te sjen by it learaarskip: do moatst de nedige fakkennis ha, sicht ha op hoe’t learlingen yninoar sitte en hoe’t sy it bêste dyn fak leare kinne. Dêrnjonken binne sawol yn it berop as yn de oplieding feardichheden lykas planne, organisearje, gearwurkje, kommunisearje, reflektearje en ûndersykje fan grut belang foar in dosint. Dat neame wy in brede profesjonele basis. Do trainst dyn feardichheden by de oplieding.