Rianne Blokzijl (27)

Rianne Blokzijl (27), studint dieltiidoplieding Learaar Frysk.

Placeholder

”Foar de klasse stean is prachtich, mar no’t ik mear oer de Fryske taal lear, wurd ik hieltyd nijsgjirriger. Nea tocht dat it Frysk my sa’n moaie takomst jaan soe!”

" Nea tocht dat it Frysk my sa’n moaie takomst jaan soe!"

Rianne Blokzijl (27) wurket as dosinte Frysk by it Ljouwerter Lyseum en docht de dieltiidoplieding Learaar Frysk.

Frysksinnich
“Hiel earlik: eins wie ik net iens sa Frysktalich doe't ik begûn mei de oplieding Learaar Frysk. Ik ha hjirfoar it CIOS dien en dêr ûntduts ik dat lesjaan my wol leit. Fan hûs út is ús mem hiel Frysksinnich. ‘Is Learaar Frysk net wat foar dy’, sei se. Sa bin ik op it idee kaam. En it hat de goede kar west, want dizze stúdzje past krekt by my!”

Lyts groepke
“Ik bin start mei de foltiid-oplieding, mar al yn it twadde jier krige ik wurk as dosinte Frysk op it Ljouwerter Lyseum. De kombinaasje stúdzje en wurk waard hieltyd dreger. Yn it tredde jier bin ik oerstapt fan foltiid nei dieltiid en dat foldocht my poerbêst. Ik kin myn wurk no folle better kombinearje mei myn stúdzje. En omdat Frysk sa’n lytse oplieding is, kin ik in hiel soad saken sels ynplanne. Bygelyks wannear’t ik de toetsen meitsje of oerlis ha mei de dosinten.”

Minor foar de master
“Ien jûn yn de wike krij ik les op de NHL yn Ljouwert en ien jûn op de lokaasje yn Grins. Dêr folgje ik de minor foar de Master Learaar Frysk. Ik ha no de smaak te pakken, dus nei de bachelor wol ik de master dwaan. Foar de klasse stean is prachtich, mar no’t ik mear oer de Fryske taal lear, wurd ik hieltyd nijsgjirriger. It liket my moai om aanst njonken it lesjaan ek ûndersyk te dwaan. Nea tocht dat it Frysk my sa’n moaie takomst jaan soe!”