Wolsto lessen Frysk jaan by dy op skoalle? Mei it foech Frysk litsto sjen datsto it Frysk mûnling en skriftlik goed yn ‘e macht hast en datsto op ‘e hichte bist fan de nijste ûntwikkelingen en learmiddels foar Frysk yn it basisûnderwiis. It foech Frysk is it formele sertifikaat dat nedich is om Fryske lessen te jaan yn it basisûnderwiis. Sa hellesto mear út dyn lessen!
Yn it basisûnderwiis yn Fryslân is it Frysk in ferplichte fak. Dêrnêst kinst it Frysk ek as fiertaal brûke by oare lessen. It sprekt foar himsels datsto dy as learaar goed rêde kinst mei it Frysk. Asto it foech Frysk op ‘e pabo net helle hast, kinst dat no dwaan troch dizze kursus te folgjen.
Yn dizze kursus wurdt dyn eigen taalfeardigens op nivo brocht, wurdt omtinken jûn oan de nijste Fryske berneboeken en learmiddels en wurdt yngien op de didaktyk fan meartalich ûnderwiis.
De measte skoallen jouwe Frysk as fak, sa’n healoere oant in oere yn ‘e wike. De lêste jierren komme der hieltyd mear skoallen dy’t Frysk ek as fiertaal brûke by oare fakken. Dy skoallen hawwe bygelyks in Fryske middei of dei yn ‘e wike. Op de trijetalige basisskoallen wurde Frysk en Nederlânsk beide as fiertaal brûkt en komt der yn groep 7 en 8 it Ingelsk as fiertaal by. Mei it foech Frysk kinst sjen litte datsto it Frysk mûnling en skriftlik goed yn ‘e macht hast en op ‘e hichte bist fan de nijste ûntwikkelingen en learmiddels foar Frysk yn it basisûnderwiis.
De kursus Frysk foech foar it primêr ûnderwiis bestiet út 12 lessen fan 2 oeren. It is ek mooglik om in selsstúdzjetrajekt te folgjen.
De kursus is bedoeld foar minsken dy’t yn it basisûnderwiis wurkje of wurkje wolle en dy’t it Frysk al aardich goed prate kinne. Dat kinne minsken wêze dy't fan hûs út Frysk prate, mar bygelyks ek minsken dy't in kursus by de Afûk folge hawwe. Wa't noch net Frysk prate kin, kin better de kursus Frysk lêzen en praten foar net-Frysktaligen folgje dêr’t it ûnderdiel jeugdliteratuer fan it foech Frysk yn opnommen is.
Yn de kursus is rom omtinken foar dyn eigen praktyksituaasje. Do krijst teoretyske ynformaasje mei dêroan keppele praktykopdrachten dy’sto yn dyn eigen klasse útfierst. Dizze opdrachten wurde yn de kursuslessen besprutsen.
Us dosinten kinne ek by jimme op skoalle komme om de kursus foar it Frysk foech te jaan. Der moatte dan wol op syn minst acht dielnimmers wêze. Dy meie fansels ek fan oare skoallen út de buert komme. Lesdagen en lestiden wurde dan yn oerlis fêststeld. De kursus kin ek yn selsstúdzje mei in yndividueel trajekt folge wurde.
De kursus bestiet út trije ûnderdielen. Do kinst elk ûnderdiel ek apart folgje.
Do learst om geef Frysk te skriuwen neffens de offisjele stavering.
Do ûntdekst wat nijsgjirrige Fryske berneboeken binne en wat der foar bern allegear foar aardichs mei Fryske literatuer te dwaan is, en do lêst selsstannich fyftjin boeken.
Do learst û.o. hoe't twa talen inoar beynfloedzje, wat de kearndoelen foar it Frysk binne en hoe'tst dy doelen yn it ûnderwiis berikke kinst.
By NHL Stenden kinst, nêst in folsleine oplieding, ek in kursus folgje. Sa kinst studearjen ienfâldich kombinearje mei wurk, dyn gesin of oare saken dy't dyn tiid freegje.
Do kinst dy foar de kursus ynskriuwe troch in e-mail te stjoeren nei kursuskoördinator Liskje Flapper: l.flapper@nhl.nl. Nei ynskriuwing krijsto neiere ynformaasje oer de kursus.