Studieopbouw
Ûnderdielen
De kursus bestiet út trije ûnderdielen:
- Eigen feardichheden (Stavering, tiidwurden en taaleigen, skriftlik en mûnling op B2-nivo fan it ERK)
- Jeugdliteratuer
- Kultuer en didaktyk
De kursus wurdt ôfsletten mei in mûnlinge en skriftlike toets + it bywenjen fan twa dagen Didaktyk & kultuer.
By oanmelding fan minimaal 8 dielnimmers kin de kursus starte, oars kin it in yndividueel trajekt wurde. De kursus kin yn oerlis ek op eigen lokaasje (basisskoalle) oanbean wurde.
Yndividueel trajekt foech Frysk
Yn oerlis mei de dosint Frysk kin in yndividuele trajekt makke wurde foar it Foech Frysk dat mei help fan digitaal materiaal foar in grut part út selsstúdzje bestiet.