
Mei de kursus Klasse Frysk learsto dyn Fryske lessen (of lessen yn it Frysk) nei in heger plan te tillen en te wurkjen oan de ambysjes Frysk foar 2030 fan dyn skoalle. Yn 8 ynspirearjende lessen learsto alles watst nedich hast om dyn lessen WOW te meitsjen. De lessen binne tige praktysk en ek nijsgjirrich foar dyn persoanlike ûntwikkeling. Boppedat learst yn in betsjuttingsfolle setting tagelyk ek Frysk praten en/of skriuwen.