
Hasto passy foar de Fryske taal en bist grutsk op it Frysk? Wolsto dyn learlingen as dosint Frysk meinimme op aventoer troch de skiednis fan Fryslân en fertelst se alles oer de taal en kultuer? En bisto nijsgjirrich hoe’t dyn learlingen har ûntwikkelje en wolsto dy as dosint ek ûntwikkelje troch op de hichte te bliuwen fan wat der ûnder jonge minsken libbet? Dan is de oplieding ta learaar Frysk krekt wat foar dy.
Ast foar de oplieding Leraar Fries kiest, dan kiest foar in ôfwikseljend stúdzjeprogramma. Fakynhâldike kennis en sosjale feardichheden steane yn dyn stúdzje sintraal.
As learaar hast in oantal kompetinsjes dêr'st standert oan wurkest, lykas:
As learaar bringst dyn entûsjasme foar it fak graach oer op jonge minsken. In moderne dosint is in coach en mentor foar learlingen. Neist fakynhâldlike kennis moatst dêrom ek oer goede sosjale feardichheden beskikke. As learlingen problemen ha, dan bisto dyjinge by wa’t se oanklopje. Dus neist dosint bist ek pedagooch en coach.
Do wurdst oplaat ta learaar algemien ûnderwiis (havo/vwo) en learaar beropsûnderwiis (vmbo/mbo).
Do wurdst - ôfhinklik fan dyn útstreamprofyl - oplaat ta learaar fuortset ûnderwiis havo/vwo of ta dosint beropsûnderwiis (vmbo, mbo) en folwoeksene-edukaasje (foarhinne oantsjutten as twaddegraads). Dat betsjut datst nei it heljen fan dyn diploma lesjaan kinst oan:
Dyn kânsen op in baan yn it ûnderwiis binne goed. Ut ûnderfining witte wy dat elke studint dy’t by ús Frysk studearre hat wurk krijt. Fraach en oanbod binne op de arbeidsmerk goed opinoar ôfstimd.
Foar de oplieding Leraar Fries jilde de folgjende talattingseasken:
Hasto in oar diploma dat hjir net tusken stiet? Dan binne der miskien dochs mooglikheden om de oplieding Leraar Fries te folgjen. Nim foar mear ynformaasje kontakt mei ús op fia studeren@nhlstenden.com of 058 251 34 00.
Wolsto de oplieding Leraar Fries dwaan, mar hast net it goede diploma? Dan kinst mei in 21+ talittingsûndersyk mooglik dochs noch talitten wurde. Betingst is wol dasto 21 jier of âlder bist ast mei de stúdzje begjinst. Mear oer it 21+ talittingsûndersyk.
“‘Nee, ik bin gjin djipfries!’”
Bist noch net útstudearre en wolst dy fierder ferdjipje yn dyn fakgebiet? Kies dan foar in masteroplieding. Do kinst bygelyks de masteroplieding Leraar Fries yn Grins folgje fan NHL Stenden Hogeschool.
Wêr learst it bêste om les te jaan? Foar en yn 'e klasse fansels! Yn it earste jier oriïntearrest dy op it berop fan dosint mei in koarte staazje en besites oan skoallen. Yn de haadfaze rinst wiidweidiger staazje. Do fierst alderhanne taken fan in learaar út: húswurk besprekke, in les tariede en útfiere, in proefwurk meitsje en beoardielje, lesjaan en ferskate wurkfoarmen tapasse. Yn it lêste jier joust in oantal dagen yn 'e wike les as ‘echte dosint’. Njonken lesjaan komme dan ek âlderjûnen, dosintebyienkomsten en learlingbegelieding oan bod.
Krekt as dyn learlingen skielk, ferskilst as studint yn dyn learbehoefte, ynteresses en wize fan learen fan oare studinten. Njonken in standertprogramma biedt de oplieding romte foar eigen mooglikheden om te kiezen. Dyn kompetinsjeûntwikkeling is dêrby altyd liedend. Yn de ôfstudearfaze hast kar út twa ferskillende ofstudearrjochtingen, nammentlik learaar algemien ûnderwiis (havo/vwû) en learaar beropsûnderwiis (vmbo/mbo).
Der komt nochal wat te sjen by it learaarskip: do moatst de nedige fakkennis ha, sicht ha op hoe’t learlingen yninoar sitte en hoe’t sy it bêste dyn fak leare kinne. Dêrnjonken binne sawol yn it berop as yn de oplieding feardichheden lykas planne, organisearje, gearwurkje, kommunisearje, reflektearje en ûndersykje fan grut belang foar in dosint. Dat neame wy in brede profesjonele basis. Do trainst dyn feardichheden by de oplieding.
Dyn fakkennis en fakfeardichheden Frysk fergruttest troch modules en trainingen.
Yn it earste jier ûndersikest ast geskikt bist foar it berop en de oplieding. Do sjochst hokker kennis en feardichheden fan belang binne foar in learaar en yn hoefier asto dêroan foldochst.
Do oriïntearrest dy op it learaarskip troch middel fan ferskate projekten, in profesjonalisearringstaak (P-taak) en kolleezjes. Do learst de grûnbegjinsels fan it lesjaan, lykas ynteraksje mei learlingen, it meitsjen fan ferantwurde lessen en klassemanagement. Do hast didaktyske praktika, (fak)didaktyske opdrachten en dochst in koarte staazje.
Yn it earste jier organisearrest in ekskurzje nei doelen dy’t foar studinten Frysk nijsgjirrich binne.
Krijst modules en trainingen om dyn fakkennis en fakfeardichheden Frysk
fierder te fergrutsjen.
As ferfolch op it earste jier silst dyn brede profesjonele basis ferdjipje en ferstevigje. Do makkest in eigen stúdzjeplan, begelaat troch de stúdzjecoach: wat ha ik nedich om in goede learaar te wurden en hoe pak ik dat oan?
Do ferdjippest dy yn in manier fan lesjaan dy't learlingen aktivearret. Do folgest dêr kursussen oer en giest dêrmei oan ;e slach yn 'e praktyk. Yn it twadde jier jousto, ûnder begelieding fan in coach, sels lessen op dyn staazjeplak. Dyn profesjonalisearringstaak stiet ek yn it teken fan it aktivearjen fan de learling.
As stipe by dyn profesjonalisearring kinst kieze út in stikmannich koartduorjende trainingen. Dêr wurdt omtinken yn jûn oan feardichheden dy't by it berop hearre, mar ek oan dyn eigen persoanlike ûntwikkeling.
Krijst modules en trainingen om dyn fakkennis en fakfeardichheden Frysk noch fierder te fergrutsjen.
Oan de ein fan it tredde jier litst sjen datst by steat bist om oan de perioade fan ôfstudearjen te begjinnen. Do bepaalst yn hokker rjochting ast dy spesjalisearje wolst en litst sjen datst dyn byld fan it berop keppelje kinst oan dyn eigen hanneljen.
Yn jier trije litst sjen datst ferantwurde lessen jaan kinst, sawol op didaktysk as fakdidaktysk gebiet. Njonken (fak)didaktyske trainingen ferdjippest dy yn it begelieden fan learlingen. Do folgest trainingen dy't dy dêr by helpe en by de profesjonalisearringstaak dochst ûndersyk nei soarchlearlingen. Yn jier trije silst hieltyd mear selsstannich lesjaan.
Ofhinklik fan dyn stúdzjeresultaten kinst kieze út de minors dy’t troch NHL Stenden Hogeschool oanbean wurde. Do kinst der ek foar kieze om in minor yn it bûtenlân of op in oare hegeskoalle yn Nederlân te folgjen.
Yn 'e ôfstudearrjochting algemien foarmjend ûnderwiis (avo) of beropsûnderwiis (vmbo of mbo) joust selsstannich les en ferdjippest dyn kennis.
Yn it fjirde jier joust selsstannich les op in middelbere skoalle, yn it beropsûnderwiis of yn 'e folwoeksene-edukaasje. Hast dyn eigen groepen en stiest noed foar it ûnderwiis en de begelieding fan learlingen, yn de ramten fan dyn oplieding, de skoalle en de ôfstudearrjochting. Litst sjen datst dyn eigen ûnderwiis ûntwerpe, útfiere en evaluearje kinst.
Yn jier 4 moatst sjen litte datst as profesjonele learkrêft oan 'e slach kinst. Kinst dyn hanneljen taljochtsje en ferantwurdzje neffens dyn fyzje op it ûnderwiis en it berop fan learaar.
By it ôfstudearûndersyk draait alles om it ûntwikkeljen fan ûnderwiis. Dan dochst ûndersyk om in probleem op te lossen, om ûnderwiis fan 'e takomst te ûntwikkeljen en/of by te dragen oan fernijingen op in skoalle.
Yn de bacheloroplieding Leraar Fries stiet de praktyk sintraal. Troch staazje te rinnen, mar ek troch te wurkjen oan praktykprojekten. Oan 'e oarder komme ûnder oaren:
Do giest op besite by in skoalle. Do foarmest dy in byld fan it Nederlânske ûnderwiis, ûndersikest hoe't in dei fan in learaar derút sjocht, hoe't dyn fak jûn wurdt en watst sels yn 'e hûs hast en watst ûntwikkelje wolst om in goede learaar te wurden.
In oantal wiken wurkest gear mei oare studinten oan in teäterfoarstelling yn it Nederlânsk, Frysk, Ingelsk, Frânsk of Dútsk. Do basearrest de foarstelling op in jeugdboek en stimst de foarstelling ôf op in fiktyf publyk fan twaddeklassers.
Wolst dyn grinzen opsykje? En ferlizze? Wolst mei studinten út oare opliedings oan nijsgjirrige opdrachten út de praktyk wurkje? Jou dyn stúdzje dan noch mear djipgong mei X-Honours!
Mei Design Based Education hast in soad ynfloed op dyn eigen learrûte. Do wurkest yn lytse groepen mei studinten fan oare opliedingen oan echte fraachstikken. Eksperimintearrest en probearrest oplossingen út yn de nasjonale of ynternasjonale praktyk. Feedback fan stúdzjegenoaten, opdrachtjouwers en dosinten helpe dy om te evaluearjen en dyn ideeën oan te skerpjen.